26/08/2026
Efter elke steapel strie, elke spiker en elk kopke kofje sit in frijwilliger. Minsken dyโt mei harren tiid en enerzjy it Flaeijelfeest meitsje ta wat it is.
Hjoed sette wy Froukje yn it sintsje. โ๏ธ
Froukje set har al mear as 40 jier yn foar it Flaeijelfeest. Dรชrmei is se ien fan de frijwilligers dyโt it langst by it feest belutsen is. It begรปn allegear mei har man Berend van Houten, dyโt troch oprjochter meneer Pelikaan frege waard om mei te helpen by de Alde Ambachten. Sa kaam Froukje der ek by.
Doeโt har man yn 1987 ferstoar, gie Froukje gewoan troch. En dat is miskien wol tekenjend foar har. Flaeijel sit yn har hert. โค๏ธ
Har dochters sizze it moai: โFroukje is in echte Flaeijelbekende. Minsken komme spesjaal nei it Flaeijel om Froukje yn de washรปke oan it wurk te sjen.โ Want Froukje docht mear as allinnich waskje en speknek bakken. Se praat foaral graach mei de minsken oer hoeโt it der eartiids oan ta gie. Gesellichheid is foar Froukje like wichtich as it wurk sels. ๐
It Flaeijelbloed rint troch de hiele famylje. Har beide dochters hawwe jierrenlang meiholpen, รปnder oare yn de washรปke en de suvelhoeke, mar ek by de opbou en yn de kommisje fan de Alde Ambachten. Ek beppesizzer Johan Broersma helpt mei, by de luchtschommel. Dat Froukje dit trochjaan kin oan de folgjende generaasje fynt se hiel bysรปnder.
En dan binne der fansels de moaie oantinkens. Nei in dei yn de washรปke wie der tiid foar in bierke mei de washรปkfroulju yn it kafee. Ek jรปns yn de tinte hat se in moaie tiid belibbe. Se tinkt mei in glimk werom oan it dรปnsjen, auwehoeren en meisjonge mei de Havenzangers. ๐ค๐๐ผ๐ป
โFroukje is ien dyโt de minsken der altyd graach by ha.โ
En miskien seit har eigen antwurd wol genรดch:
โIk praat mear mei de minsken as dat ik wat doch.โ
En sa hat Froukje it al mear as 40 jier nei har sin op it Flaeijel. โค๏ธ