06/04/2026
It sin wie aardich fleurich by de âld núten fan it fjirde. Foar it earst dit jier waard der wer in punt pakt. Hoe dat ta stân kaam, lêse jo wer ynt geweldige ferhaal fan Jehannes Reitsma, ferline wike de absolute útblinker tydens de Bingojûn, no skittert hy wer mei dit bjusterbaarlik lêzenswurdige wedstriidferslach!
SCV 4 - Blue Boys 3
Hy koe de lêste tiid mar min yn ‘e sliep komme, Geart S. Hoef***e sûkerbôlen at er nachts ek
besocht te tellen, Klaas Faak liet hieltyd langer op him wachtsje. Sûnt novimber noch gjin punt
helle, en een seleksje dy't op sneontemiddei leaver mei de frou te winkeljen giet as op in
fuotbalfjild omhobbelet. Ja, soks giet men net yn ‘e kâlde klean sitten, al is it jo miskien net oan
te sjen.
De nacht fan freed op sneon hie Geert - sa waard sein - hielendal net sliept; it duorre
oant de iere moarn foardat er de popkes yn syn holle einlings op it goeie plak hie.
Lokkigernôch hiene de measte froulju alles yn hûs en wjirre it waar ek wat mei ôfrûne sneon,
dat Geert koe foar it earst dit jier oer in 'foltallige’ seleksje beskikke. Fjouwer wiksels mar leafst!
Tsjinstanner Blue Boys hie mar ien, dat dy slach wie al foar ús.
Wy begonnen yn de sterkste opstelling, mar spitigernôch diene de Blauwe Jonkjes dat ek.
Wy wiene aardich oan inoar weage. Nei in ôftaastend skaakspultsje yn it begjin krigen wy de earste
om ‘e earen. Balferlies, in foarset en it skot wie Jacob te machtich, 0-1. Geert flokte in kear (net
ien dy't it hearde), mar it die al fertuten: yniens begon de Feanwâldster oanfalsmasine te
draaien en dat smiet trije goals op. Wytze lei keurich ôf op Eddie, dy't 'm deryn tikke, 1-1.
Dêrnei gie Eddie oer de knibbel by de keeper (‘Hy socht my op’ wie it ferwear fan dy lêste) en
prima skiedsrjochter Johannes wiisde nei de stip. Leo de J. koe wol om ‘e keeper hinne: 2-1.
Justjes letter knikte Wytze in knappe foarset fan Eddie tsjin de touwen.
3-1! Wat in rykdom! Der begonnen fersichtich wêr wat ljochtsjes te baarnen yn de troch grutte
wallen omkringe eagen fan de Grutte Lieder. Soe it dan hjoed?
Eefkes letter wie it sin alwer aardich minder. In Blue Boy skeat in bal fan in meter as 25 fia de
latte - hiel aardich, dat moat sein - achter ús Jacob. En in skoftsje letter kaam de bal yn ús
sechstien foar de fuotten fan de ferkearde: 3-3. En doe wie it tiid foar it skoft.
Gelokkich mar, want Geert hie in aardige tongerpreek yn gedachten. (Dy hie der nachts fan
tefoaren wol in stik as tsien kear yn syn holle ôfspile). Mar, krekt op it stuit dat er syn kiel
skrabbe om syn mannen mei in adembenimmend motivaasjepraatje op it goeie paad te krijen,
die Nollie wat oars adembenimmends. Hy liet in warskôgingsinjaal ôfgean, en fuort dêrnei
stowde it grutste part fan it team nei bûten, yn in flaach fan oerlibbingsdrang. In pear mannen
bleanen sitten - dy wiene fêst ferkâlden - mar ek dy hiene gjin oandacht mear foar Geert syn
wize wurden.
Sadwaande waarden wy der net better op yn de twadde helte. De farsk ynfallen Feike Anne
(PW jr.) die wat er koe, en dat die er prima, mar ek hy koe net foarkomme dat wy achterút
moasten. Wy gokten wat op in lange bal, en sa no en dan kamen wy der gefaarlik út, mar dêr
waard neat mei dien. It wie te tankjen oan keeper Jacob, ferskate spilers fan ús dy't hjir en dêr
in skonk foar stutsen en it noadige gelok dat wy ‘t op 3-3 holden.
Twa punten ferlern, of ien won? Wa sil it sizze? Yn elts gefal it earste punt sûnt novimber. Mar
dochs bleaun Geert wat achter mei in in dûbeld gefoel. Wat at Nollie no net…? Mar goed,
fierders wie de stimming tige bêst nei ôfrin. En Nollie? Dy hie yn elts gefal gjin pinebúk mear!