V.C. Molkwar

V.C. Molkwar Leuke volleybalclub met dames uit de hele Súdwesthoeke :)

Een geweldig s**t-uitje met de (ex) volleybalspelers en trainster van Molkwar.Na het krijgen van een vette-s**t-tas met ...
05/06/2023

Een geweldig s**t-uitje met de (ex) volleybalspelers en trainster van Molkwar.
Na het krijgen van een vette-s**t-tas met benodigheden gingen we op blote voeten op pad soms letterlijk door de s**t.
Tussendoor hadden we het WC-borstel-spel en het Schijt-je-rijkspel. Ondanks de hoge gemiddelde leeftijd van het team is er nog steeds een minstens zo hoog strijd en het competitie gevoel. Na de prijsuitreiking kregen we een lach- maar-raak-lapje voor de tena-lady-show (achteraf waren scheenbeschermers ook fijn geweest) rijdend op wc potten moesten we wc rollen verzamelen al prikkend met wc borstel..Werkelijk gieren brullen lachen en soms steigerend de vangrail in. Na uitreiken van gouden wc-pot nog heerlijk gegeten. Wat een TOP s**t-dag V.C. Molkwar

Sa bysunder, de flow fan forige wyke wie fanôf de earste bal no krekt dat, wer we gjin punten mei scoorden. Miskien wol ...
12/11/2022

Sa bysunder, de flow fan forige wyke wie fanôf de earste bal no krekt dat, wer we gjin punten mei scoorden. Miskien wol sosjaal mar echt net sa bedoeld ha we gewoan in soart punten furt jûn. Lêze: service fout, prikballen of slaan yn it net en inkele. kommunikaasje flaters.
Wat wol wer bysunder knap wie is dat we else set us efterstân ynhelje koene. Helaas krekt net genoch foar winnen. Mei 1-3 kryge we juster letterlik en figuurlik in kâlde brûs op us kop. 😱🥶🥴

Wat een mooie pot!Mei 6 spielsters op paed, 2 coaches en letter ús Jet dr ek noch by! 🥳1e set 6-0 foar, DBS kaam moai we...
04/11/2022

Wat een mooie pot!

Mei 6 spielsters op paed, 2 coaches en letter ús Jet dr ek noch by! 🥳

1e set 6-0 foar, DBS kaam moai werom, efkes gelyk op en doe rûn Molkwar út en wûn de set. 2e set idem dito. ''t Wie in licht baltsje, dus dr koe wol mept wurde. 3e en 4e set ek de puntsjes foar V.C. Molkwar.
' t Wie in moaie wedstriid. Bedankt voor de leuke pot froulju! Dr waar leuk volleybalt 💪🏼

-> -> -> -> 🙄 😉

Molkwar-powerrrrrrr💪🏼Mei 8 spilers en twa coaches op paed. 19.00 oere spylje in Aldemardum. Foar de measten fan ús in hi...
14/10/2022

Molkwar-powerrrrrrr💪🏼

Mei 8 spilers en twa coaches op paed. 19.00 oere spylje in Aldemardum. Foar de measten fan ús in hiel gefljuch (moai wurd foar galgje 🤔). Mar jawol, wy bin dr!
1e set, 1e helte moai gelyk op., dêrnei naam Molkwar de lieding en wûn de set. 2e en 3e set, Molkwar hie wat mear power 💪🏼 en ek de puntsjes oan ús kant. 4e set NOK steeds op foarsprong, tot 24-21... Doe hun opslach yn 't net en doe kaam ús Annie oan de opslach.... 🏐 En troch in pear foutsjes oan de oare kant, stiene wy gelyk! Doe makke Molkwar it sels ôf en 24-26 foar ús, dus ek (toch) noch de fjirde set yn the pocket! 5 puntsjes! 🥳👏🏼

Grutsk op jim froulju! 😍 en mar (efkes) genyte fan it earste plak! 🥇😉

De earste wedstriid is wer in feit! En jawol NeVoBo hat betocht dat wy (wer) 4 sets mei spielje en by geliik spul, in fi...
17/09/2022

De earste wedstriid is wer in feit! En jawol NeVoBo hat betocht dat wy (wer) 4 sets mei spielje en by geliik spul, in fiifde en dat yn de tredde klas.... En ja hear, it waren 5 sets....

1e set, moai gelyk op, de winst oan ús kant, twadde set idem dito, tredde set, ek gelyk op, it punt oan de oare kant. De pass waar wat minder goed fersoarge, wêrtroch ús spelverdeelsters steeds mear moesten (op)drave, fjirde set, idem dito. Dus toch noch mar in fiifde set 🥳. As je dan wer spielje meie, dan fuort ek mar goed 😎 By Molkwar wie 'de put er wat uit'. Mar ja, wy bin ek gjin 20 mear no? 🥰 Helaas gjin tredde punt, mar toch wiis mei ús 2 punten! 💪🏼 !

Wat in wille ha we han mei us f***eybaluitje. Om 13 oere op paad nei Sleat foar in escapeloop om de stadswachter der te ...
07/03/2022

Wat in wille ha we han mei us f***eybaluitje. Om 13 oere op paad nei Sleat foar in escapeloop om de stadswachter der te helpen. We binne der ûtkom mar begrype nog steeds de 48 paelen net. Onderzoek giet derom nog eefkes fjidder. Tuskentroch gelokkig eefkes tiid foar in bakkie mei iets lekkers. Gou opslobberje en wer fjidder om de letste punten op te spoare want om 16.30 soene we nog eefkes borrelje en iten yn Echten. Hm dat moesten we dus self nog meitsjes. Wat wer in utdaging. Gelokkig krijgen we begeleiding van Luciaz eeterij. Om 22 oere nei in protte nocht f***e bûk en hiel wat wyzer nei in prachtige dei wer thûs. It wie 👍

Tsja, we meie wer! Hjir en dêr in testje en wy kinne gean! Mei 7 spylsters, in coach en teller op paed. Ek de tsjinstand...
04/02/2022

Tsja, we meie wer! Hjir en dêr in testje en wy kinne gean! Mei 7 spylsters, in coach en teller op paed.
Ek de tsjinstander hat genôch, dus dat is moai!
18.30 oere sealwacht. En dan moatte je toch wer hurd hurd hurd, mar goed, it is wer slagge 💪🏼 Twa fjilden opbouwt en jetzt geht los 🥳

1e Set, Molkwar steeds foar. 25-15, it 1e puntsje fan 2022! Wow, wy kinne it noch! 😃
2e set idem dito, alwer wie dr wol mear tsjinstân. 25-14
3e Set, we begjinne mei in achterstân, efkes puntsjes op de 'i' en doe goed wer oppakt 💪🏼 25-15

Lekker 🚿 en in 🍻 en ús Annie mocht noch in wedstriid fluitsje. Al mei al wer in leuke jûn en dan no mar goed wykein! 🙋🏼‍♀️

Op tongersdeitejûn op paed foar in wedstriid, hielendal nei Easterein. Noch fierder dan Timboektoe! (lês: Makkum 😉). Mei...
26/11/2021

Op tongersdeitejûn op paed foar in wedstriid, hielendal nei Easterein. Noch fierder dan Timboektoe! (lês: Makkum 😉). Mei 8 spylsters en in coach op paed. De boadskip fan coach Nienke wie: jûn spielje as team en net as eilandjes 😀.
Earste set: foar in oantal earst wat wenne oan de (lichte) bal, moai gelyk op, V.C. Molkwar mei steeds 2 puntsjes foar op CoVos, yn de pocket dus 😀. 2e Set ek steeds foar, mei in minimaal ferskil, halverwege de set in kearpunt, CoVos foar! It hâldt net oer, by 23-18 achter en nei twa time-outs, toch noch wat probearje: in wissel. De set toch noch pakt! 🥳 Wat in die-hards 💪🏼.
3e Set: starten mei in moaie serie opslagen fan Nelleke al 10-0 foar! It team draaide goed, pass lei better en ek de oanfal 🏐 slagge goed! 14-25.
Hearlik doucht en helaas fanwege de maatregels net neisitte yn de kantine 😒 Dan mar in 'natje en een droogje' in de klaaikeamer! Ús Annie hie catering fersoarge, âlder hearlikst Annie. Al mei al in slagge jûn en mei trije puntsjes nei hûs! 🥳

Ôfrûne freed mochten wy wer in baltsje slaan. Ús 4de wedstriid, mei 10 froulju op paed: 8 spielsters, 1 coach en 1 telst...
02/11/2021

Ôfrûne freed mochten wy wer in baltsje slaan. Ús 4de wedstriid, mei 10 froulju op paed: 8 spielsters, 1 coach en 1 telster! Earste set begûn goed, helaas yn de midden fan de set in dipje yn de pass, oan it ein troch in goeie service en oanfal, goed werom kommen, mar helaas eindspurt te let ynsetten. Dus 23-25 foar T&T. 2e en 3e set mei dúdlike oerwinning T&T ferslein mei 25-10 en 25-16. De pass lei goed, sadat dr mear oanfal wie. It wie in leuke pot tsjin de jonge froulju!

Dan noch in riedsel.. 🤔 Wat ûntbrekt dr op de foto? Foar degene die it fynt yn omjouwing It Klif NOK .

Zodra wij weer mogen trainen en competitie mogen spelen, zeker een overweging waard! Een eigen MC Drive  🤣
15/10/2020

Zodra wij weer mogen trainen en competitie mogen spelen, zeker een overweging waard! Een eigen MC Drive 🤣

De frikandellen zijn natuurlijk de grootste favoriet in Nederland wanneer het op snacken uitkomt. Maar het maken ervan kost toch altijd wel wat tijd en energie. Gelukkig kan dat in onze ogen nog wat makkelijker. We zijn opzoek gegaan naar de kleinste verkrijgbare frituur, en die hebben we gevonden.....

Hjoed in thúswedstriid ⚽.Mei 8 froulju op paed. Twa dames binne in lekker wykeintsje fuort 🏕️.Spannende sets dr by!.1e S...
09/10/2020

Hjoed in thúswedstriid ⚽.
Mei 8 froulju op paed. Twa dames binne in lekker wykeintsje fuort 🏕️.
Spannende sets dr by!.

1e Set, moai gelyk op, dan sy foar, dan wy, sa gie it moai hin en wer. Molkwar lûkte oan it langste ein. 25-23 🎉
2e Set, doe kaam de Molkwar-power wer boven 💪, 25-13.
3e Set, it selde spul as de earste set, gie mar hin en wer, de skeids wie dr betiiden mei oan 🙄. De letste twa puntsjes, wiene yn dizze set it moaist, op in stân fan 23-23, foel it 24e punt foar Molkwar, troch in bêste mepper fan ynvalster Tineke op de mid. En it 25e punt troch Sjoerdje troch in hele behearste smash. !
Nei de wedstriid de skeidsen fan V.C. Molkwar yn ide blomkes 💐 setten.
Fokje en Annie super dat jim dêr altyd mar wer op de bok steane 👌Fokje hâldst it te goed (moast moandei dus wol op trainen komme 🙄)
Goed wykein allegear! Ik nim dr noch ien op 🥂
🙋🏼‍♀️

Hjoed mei acht spylsters én in coach op paed😷. 19.15 Oere yn Snits. Moai op tiid foar de froulju fan V.C. Molkwar 😊Earst...
03/10/2020

Hjoed mei acht spylsters én in coach op paed😷. 19.15 Oere yn Snits. Moai op tiid foar de froulju fan V.C. Molkwar 😊
Earste set, efkes op gang komme, op in gegeven moment 15-9 achter. Doe kaam de Molkwar-power op gang 💪 en de set toch noch pakt. Dit kaam dr wol op oan, goed efkes útpoeste 😅
Twadde set, ek earst achter, wer by kommen tot 23-23, mar helaas toch ferlen dizze set 🤔
F***e goeie moed de tredde set begûn, earst moeizaam, mar dizze kear wat earder de tried wer oppakt en hoppa! 25-18 foar Molkwar🎉
Dus twa moaie punten dr by!
Efkes lekker ûnder de broes 🚿 en op nei restaurant 'de twee gouden poorten' , dat hiene wy wol fertsjinne,! Mar efkes troch de Drive, want binnen wie it in bytsje fol 🙄
Bestelling trochjûn, in moai masker scoart troch ús wâldpyk 😜 (📸), fierderop de auto's neast elkoar, raamkes iepen en sa koene wy toch noch efkes gesellich sitte.

Op nei de training fan moandei! Trainster kaam net, sy sei: koene wol oardel oere serveare ⚽

Goed wykein! 🙋🏼‍♀️

Adres

Harich

Telefoon

0621466178

Website

Meldingen

Wees de eerste die het weet en laat ons u een e-mail sturen wanneer V.C. Molkwar nieuws en promoties plaatst. Uw e-mailadres wordt niet voor andere doeleinden gebruikt en u kunt zich op elk gewenst moment afmelden.

Delen